Omrop Fryslân en NOS bondelje krêften online

04 feb 2019 - 11:41

Omrop Fryslân sil syn krêften bondelje mei de NOS. Doel is dat berjochten fan de Omrop tenei in fêst plak krije op de webside fan de NOS. Oarsom wurdt der ek gearwurke. NOS-berjochten wurde pleatst op de webside en app fan Omrop Fryslân. Dizze gearwurking jildt ek foar de oare regionale omroppen.

In adresbalke - Foto: Shutterstock.com

Guus Kleef, foarsitter fan de Regionale Omroppen, is bliid mei de nije wize fan gearwurkjen. "Met de krachtenbundeling maken we het nieuws van dichtbij net zo makkelijk beschikbaar voor iedereen als het nationale en internationale nieuws."

Doel is dat de Fryske berjochten fan 't hjerst op NOS-webside stean en oarsom.

(advertinsje)
(advertinsje)