Bakker sit mei hân fêst yn bôlebakmasine
In bakker fan De Jouwer moast moandeitemoarn befrijd wurde út syn bôlebakmasine. De man kaam om in oere as tsien hinne fêst te sitten mei syn hân tusken de klep fan de masine.
De brânwacht koe de man út syn benaude posysje helje. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik.