Brân yn Dirk Boutstrjitte yn Ljouwert

04 feb 2019 - 10:55

Yn in wenning oan de Dirk Boutstrjitte yn Ljouwert hat moandeitemoarn koart brân west. Omwenners murken de brân op, om't de reekmelder ôfgong. De brânwacht krige de foardoar earst net iepen. Doe't de doar wol iepen woe, kaam de reek nei bûten.

Foto: Anton Kappers

De brân wie rap ûnder kontrôle. Wat de oarsaak krekt wie, is net bekend. De bewenster wie net thús.

(advertinsje)
(advertinsje)