Kollum: "Oer de seik"

04 feb 2019 - 08:36

"Ik moat pisje as in reager. Dat rôp ik dit wykein noch doe't ik hastich nei it húske draafde. Gjin idee wêr't dit sprekwurd weikomt, want ik ha noch noait in reager pisjen sjoen. En folle kin it ek net wêze, soest sizze op basis fan sa'n reagerlyfke. Better soe wêze om te roppen: 'Ik moat pisje as in ko'. Want as dêr ûnder dy kowesturt ien kear de sluzen iepen gean, is der gjin hâlden mear oan.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wa't wolris in ko pisjen sjoen hat, wit hoe mâl dit giet. It spetteret alle kanten op wylst de dampen der ôffleane. Wa't altyd al dreamd hat fan in 'golden shower' soe it ultime hichtepunt belibje ûnder dy goudgiele straal fan in ko. En miskien is 't noch wol goed foar it hier ek. Soe samar kinne.

Goed nijs foar wa't it ynkoarten ris besykje wol. Yn Doetinchem is der nammenlik in bedriuw dat al twa jier dwaande is mei in kowe-wc. Dat is in systeem wêrmei't de miich fan in ko opfongen wurdt, noch foar't it de grûn rekket. Doel is om sa it ammoniakprobleem yn de melkfeehâlderij op te lossen.

By it artikel dat ik hjir oer seach, siet ek in filmke. Dêrop is te sjen hoe't in ko nei in bak mei brokjes kuieret. As se begjint te fretten, komt it spesjale CowToilet tefoarskyn. Hielendal automatysk siket in sensor it jaar fan de ko op. De robot kribelet de ko in pear kear ûnder de sturt, wêrmei't er de saneamde 'plasreflex' triggeret. It duorret mar efkes of de ko pisset kreas op it potsje. In hiel soad manlju yn de kroech kinne hjir noch in foarbyld oan nimme.

Doe't ik it filmke seach, tocht ik: hee mar dat kinne wy fêst by mear bisten brûke! De kat bygelyks. Wy ha hjir op 'e buert in stel katers dat de hiele skutting ûndermiicht. It stjonkt bytiden allerheislikst. It binne net ús katten, dus kinst der neat oan dwaan. Ek as baaske net, dat snap ik sels ek wol. Dan moatst dyn kat dei en nacht binnen hâlde en dêr is in kat net foar bedoeld.

Mar wat no as der in kattetoilet komt. Datst it bist moarns as er syn Felix of Whiskas krijt efkes in lyts bakje by de sturt hingest. In pear kear kribelje en hatsjikidee. Dan hat de hiele buert der gjin lêst mear fan. Gjin gemiich mear fan dyn kat en gjin geseik mear fan de buorlju.

Wat ik noch wol it allermoaiste fine soe, is dat der sa'n toilet foar al dy hûnen komt yn ús wenwyk. Hoe faak ik wol net yn de hûnestront stean. Midden op 'e stoepe litte baaskes harren hûn delskite. En oprêde, ho mar. Dus stean ik moarns betiid as ik de doar útstap yn de stront fan in oar. Kinst my net lilker krije as wannear't ik mei in takje besykje de kak fan Beike tusken de ribbelsoal fan myn skuon wei te pulkjen.

Dus as Beike no tenei earst by it fretten fan syn brokken alfêst efkes syn blaas en terms leget, dan is dat probleem ek oplost. Mar sa swart wyt as by in ko sil it wol net wêze. As sa'n baaske al te lui is om it keuteltsje fan Beike op te romjen, sil er al hielendal wol gjin hûne-toilet ha wolle. Want dat gestjonk yn eigen hûs; harrejakkes.

Miskien moat ik ynkoarten mar ris mei in ko op paad en dy skite litte achter yn de tún fan sa'n hûnebaaske. Ris sjen wat foar raar guod er dan spuit as er mei de skuon yn sa'n lekkere brune koweflaai stiet. En dat ik dan rop: "Oh sorry, se hie fan 'e moarn noch net nei it hûske west." Wedzje dat er dan flink oer de seik is. Dêr kin gjin CowToilet tsjinop."

(Advertinsje)
(Advertinsje)