Organisator Eric Lansu oer de Winterfytsalvestêdetocht: "Het was fantastisch"

04 feb 2019 - 07:57

Organisator Eric Lansu is tige te sprekken oer it ferrin fan de Winterfytsalvestêdetocht ôfrûne wykein. "Het was fantastisch. Het prachtige weer maakte iedereen enthousiast. Dit kon niet beter."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Mei troch it moaie waar siet it tempo der aardich yn. Lansu: "Om een uur of negen was iedereen al binnen. Heel veel posten hadden gelijk bij opening al deelnemers die langs kwamen." Benammen yn it begjin fan de tocht soarge de glêdens op 'e dyk foar wat lytse falpartijen. Dochs foel de skea mei. Lansu: "Er zijn geen ernstige ongelukken gebeurd. De gemeente had de gehele route gestrooid, maar dat moet even inwerken uiteraard. Deelnemers vooraan kunnen daar een beetje last van hebben gehad."

Krekt net

Krekt as oare jierren wie der in oantal minsken dat de einstreek net helle. "Denk aan mensen die het toch hadden onderschat of net ziek waren geweest", fertelt Lansu. "En we hebben iemand met zweepslag weer terug naar Leeuwarden gebracht."

Gesellich en lyts

Dit jier diene der mar leafst 1.200 minsken mei oan de Winterfytsalvestêdetocht. Lansu: "De bekendheid groeit. De Elfstedentocht is een prachtig merk, dat we met z'n allen uit moeten dragen. In de huidige opzet kunnen we tot een 1500 deelnemers laten meedoen. Dan blijft het gezellig en klein."

Organisator Eric Lansu

(Advertinsje)
(Advertinsje)