Olaf Storms: "Ik ben niet ingehuurd om bij de eerste windvlaag om te vallen"

04 feb 2019 - 07:34

VVD-fraksjefoarsitter Olaf Storms lit him net fan de wize bringe troch de dieder dy't sneontejûn in bakstien by him troch it rút smiet. Dat barde nei alle gedachten om't de VVD-fraksje fan De Fryske Marren foar sânwinning yn de Iselmar is. Storms baalt fan de aksje, mar is net benaud. "Ik ben niet ingehuurd om bij de eerste windvlaag meteen om te vallen. Maar ik baal wel van de veiligheid van mijn gezin. Ik vind actievoeren prima, maar dit is niet de goede manier."

Foto: Olaf Storms

It ynsidint mei de bakstien barde sneontejûn krekt foar alve oere. Storms: "Ik dacht dat mijn zoon wat had omgestoten en ben naar beneden gegaan. Ik zag niets en ben weer naar bed gegaan. 's Ochtends ontdekte mijn vrouw het toen ze beneden kwam." De famylje hat fuortendaliks de plysje belle en oanjefte dien.

Gjin briefke

De VVD-fraksjefoarsitter wit net wat krekt de reden is foar de dieder om de bakstien by him thús yn Balk troch it rút te smiten. Storms: "Ik heb geen ruzie met mensen. Ik heb geen enkel conflict lopen en dat wil ik ook niet. Het meest waarschijnlijke is dat het te maken heeft met de discussie over de zandwinning. Maar er zat geen briefje bij de baksteen, helaas."

It petear

Benaud foar mear aksjes is Storms net. "Ik ga gewoon verder met mijn werk. Vanavond gaan we in gesprek met alle voor- en tegenstanders van de zandwinning. Voordat we iets in de gemeenteraad behandelen komt het voortaan eerst aan bod in 'It Petear'. Dat is heel nuttig, omdat alle voor- en tegenstanders al hun standpunten kunnen motiveren."

Fraksjefoarsitter Olaf Storms fan de VVD

(Advertinsje)
(Advertinsje)