"Diskusje oer F-35 is noch lang net dien"

De diskusje oer de F-35 sil noch wol net oer wêze. Dat tinkt ferslachjouwer Hayo Bootsma, dy't ôfrûne wike yn Amearika wie om dêr de offisjele oerlanging fan de F-35 oan definsje by te wenjen. Nei de oerlanging ûntstie der fuortendaliks in diskusje oft it tastel wol of gjin kernwapens oan board hawwe moat. D66 wol dat leaver net.
© Omrop Fryslân
Jierrenlang wie der diskusje oer de oanskaf fan de F-35, de opfolger fan de F-16. Dy diskusje gong benammen oer de hege priis fan it tastel. "De kostpriis fan de F-35 is noch altyd hiel heech", jout Hayo Bootsma ta. "Mar wy moatte net ferjitte dat de F-35 yn ien oerke fleanen like folle dwaan kin as trije oeren fleanen mei de F-16."

F-35 nei Ljouwert

Op dit stuit wurdt der op de fleanbasis yn Ljouwert drok boud oan in gebou foar de F-35. Ek binne der al ferskate piloaten yn oplieding om mei it nije tastel te fleanen. Boppedat komme der fjouwer saneamde Reapers nei Ljouwert. Dat binne 'onbemande' fleantugen, wêrmei't bylden makke wurde kinne boppe oarlochsgebieten. De ferwachting is dat de F-35 ein dit jier nei Ljouwert komme. Yn 2020 folgje de fjouwer Reapers.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de komst fan de F-35 en de Reapers