Reumatology-ôfdieling Antonius sikehûs Snits nimt gjin nije pasjinten mear oan

04 feb 2019 - 06:12

De polyklinyk Reumatology fan it Antonius sikehûs yn Snits nimt al in heal jier gjin nije pasjinten mear oan fanwege in sike wurksfear. Dat skriuwt De Volkskrant. Ien fan de trije medysk spesjalisten hat by de bedriuwsdokter melding makke fan narjen en yntimidaasje. Se sit al trijekwart jier thús.

Foto: Omrop Fryslân

De problemen op de polyklinyk Reumatology yn Snits binne net hielendal nij. Al yn 2016 makke de bedriuwsdokter melding fan de minne ferhâldingen binnen de fakgroep. In ferpleechkundige reumakonsulint hat it sikehûs mei in fertrekregeling ferlitten. Mei de spesjalist dy't op dit stuit siik thús sit, wurdt noch praat.

Neffens de bestjoersfoarsitter fan it Antonius sikehûs is der sprake fan strukturele problemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)