VVV's yn de Súdwesthoeke op 'e skeppe

De toeristyske promoasje yn Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren giet op de skeppe. De fyftjin VVV's falle sûnt 1 jannewaris ûnder in folslein nije organisaasje en de kommende moannen sil wurke wurde oan in oare útstrieling. Sa komt der meardere kearen yn it jier in fergeze krante, dy't ferspraat wurdt oer it hiele gebiet, en wurdt der wurke oan in nije trijetalige webside.
VVV's yn de Súdwesthoeke op 'e skeppe
De VVV-winkels gean ek op 'e skeppe. Sa moatte se minder op winkels lykjen gean en mear op belibbingssintra. Derfoar sille ûnder oaren digitale skermen mei ferhalen út de regio pleatst wurde. Neffens direkteur Floriaan Zwart fan Waterland van Friesland sil dat net fan de iene op de oare dei barre. It budzjet is beheind en dêrtroch kin net alles yn ien kear.
"We zijn per 1 januari van start gegaan als nieuwe organisatie en ondanks dat er nog weinig echt veranderd is, merken we nu al de voordelen van die samenwerking. We geven nu prioriteit aan de nieuwe website, de krant, het logo en al die andere dingen die moeten gebeuren als je als nieuwe organisatie van start gaat. En daarna pakken we het stap voor stap aan."

Toeristeseizoen

Neffens Zwart hawwe se it ek noch wol efkes oan tiid. It nije toeristyske seizoen giet pas op 1 april offisjeel los.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Direkteur Floriaan Zwart fan Waterland van Friesland
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga