Offisier fan justysje Noard-Nederlân foar de rjochter om oanriding
De pleatsferfangend haadoffisier fan justysje Noard-Nederlân moat dizze wike foar de strafrjochter ferskine. Dat skriuwt de NRC sneintejûn. Gert V. wurdt derfan fertocht dat er twa jier lyn yn Zwolle in fytser oanriden hat.
It froulike slachtoffer rûn by it ferkearsûngelok slimme ferwûningen op, ûnder mear in brutsen skonk, sa skriuwt de krante. De pleatsferfangend haadoffisier sprekt sels fan 'een ongelooflijk vervelende gebeurtenis'.
'Gjin opset'
In wurdfierster fan it Iepenbier Ministearje seit dat der gjin maatregels tsjin Gert V. oplein binne, om't der gjin opset yn it spul wie. It giet neffens har om in ferkearsûngelok.