Drokke winterfytsalvestêdetocht sûnder grutte problemen ferrûn

03 feb 2019 - 20:13

De winterfytsalvestêdetocht troch Fryslân is snein sûnder grutte problemen ferrûn. Neffens Eric Lansu fan de organisaasje hawwe der njonken de gebrûklike lekke bannen en stikkene kettingen gjin ynsidinten plak fûn. Yn totaal diene der goed 1200 minsken mei oan it evenemint. Oane Huisman fan Marsum kaam as earste fytser oer de streek.

Foto: Winterfytsalvestêdetocht

De finish wie dit jier by de Bonkefeart. Oare jierren wie de finish noch by de Alvestêdehal. Der diene net allinne fytsers út Nederlân mei, mar ek minsken út België, Dútslân en Noarwegen. Der wie ek ien út Australië.

Friesland Beweegt

De winterfytsalvestêdetocht wurdt organisearre troch Friesland Beweegt. Dy stichting wol minsken stimulearje om faker de fyts te pakken, net allinne yn de simmer, mar ek winterdeis.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by de finish

(advertinsje)