Stien troch rút fan VVD-fraksjefoarsitter De Fryske Marren

03 feb 2019 - 17:52

By VVD-fraksjefoarsitter Olaf Storms yn gemeente De Fryske Marren is sneontejûn in bakstien smiten troch it rút fan syn wente yn Balk. Storms sels tinkt dat dize died te krijen hat mei it stânpunt dat hy en de VVD hawwe yn de sânwinningsdiskusje yn De Iselmar. De partij is foar sânwinning, wylst in soad oaren yn de gemeente tsjin binne.

Foto: Olaf Storms

Storms sels seit 'geen enkel conflict' mei immen te hawwen. Storms is ek de wurdfierder fan de VVD yn de gemeenteried oer dit ûnderwerp. De Balkster wie sneontejûn krekt nei bêd gien, doe't er it lûd fan glêd hearde. Hy gie nei ûnderen, mar seach neat bysûnders. Sneintemoarn ûntduts de frou fan Storms lykwols it gat yn it rút. Storms hat oanjefte dien by de plysje.

Beslút

De diskusje oer wol of net sân winne yn De Iselmar, behearsket de lokale polityk. Earder hat de gemeenteried in definityf beslút oer de sânwinning útsteld. Moandeitejûn kinne ynwenners mei de riedsleden yn petear oer it ûnderwerp.

(advertinsje)