Auto rekket fan de dyk en yn it wetter by Wommels
Op de Westergoawei (N359) by Wommels is sneintemiddei in auto fan de dyk en yn it wetter bedarre. Hoe't dat krekt barre koe, is net dúdlik. De helptsjinsten waarden manmachtich alarmearre.
It slachtoffer is út de auto helle. Hoe't it krekt mei de persoan giet, is net bekend. Foar it ûngelok waard ek de traumahelikopter oproppen, mar dy waard ôfsein.
Berging
Fanwegen bergingswurksumheden moat it ferkear rekken hâlde mei fertraging.