Sam Hendriks by SC Cambuur yn de basis tsjin Jong AZ

Sam Hendriks begjint moandei by Sportklup Cambuur yn de basis. De Ljouwerters spylje yn Wijdewormer de útwedstriid tsjin Jong AZ. "Als je hem haalt, moet je hem opstellen", sa sei trainer René Hake.
Fansels moat Hendriks noch wol wat wenne oan syn nije teamgenoaten en de wize fan spyljen fan Cambuur. Mar René Hake is optimistysk. "Sam is goed in het afwerken. De rest moet wennen uiteraard, maar ik heb goede dingen gezien."
Mooglik begjint ek Matias Jonés yn de basis, mar dat is noch net hielendal wis. Nigel Robertha is licht blessearre. Kin hy net spylje, dan is de kâns grut dat ek Jonés syn basisdebút makket yn in kompetysjewedstriid.
Mous oer AZ
Neffens trainer Hake is Jonés in multyfunksjonele spiler: "Hij kan spelen van links, maar ook van rechts en zelfs als controleur". Hake is wol bliid dat de transferwindow der op sit. "We weten nu waar we de komende drie maanden aan toe zijn, maar ik kijk eerst alleen naar de wedstrijd van maandag."

Kontrakt Hake

It kontrakt fan trainer Hake rint ek ôf. Op it trainingskamp yn Spanje, begjin jannewaris, is dêr koart oer praat, neffens Hake. Der sille yn de rin fan de tiid petearen komme dy't oer it al of net ferlingjen fan it kontrakt fan Hake gean.