Suzanne Schulting wint wrâldbeker shorttrack op 1000 meter

03 feb 2019 - 15:24

Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneintemiddei de wrâldbeker shorttrack wûn op de 1000 meter. Yn it Dútske Dresden pakte de Friezinne goud, lykas by alle eardere wrâldbekerwedstriden op dy ôfstân. De olympysk kampioene fersekere har by de foarlêste wrâldbekerwedstriid al fan de wrâldbeker.

Foto: ANP

Yn de finale yn Dresden bleau Schulting de Súd-Koreaanske Kim Ji-yoo en Zhang Chutong út Sina foar. Rianne de Vries fan Akkrum waard fjirde.

Oeral medaljes

It is in geweldich wrâldbekerseizoen foar Suzanne Schulting. Op alle yndividuele ôfstannen dêr't se yn aksje kaam, pakte se in medalje. Yn totaal behelle se fiif kear goud, twa kear sulver en ien kear brûns.

(advertinsje)