Presintator Habtamu de Hoop werom yn bertelân Etiopië

03 feb 2019 - 15:02

Klokhuis-presintator Habtamu de Hoop hat in bysûndere reis makke nei Etiopië, syn bertelân. Hy moete dêr de frou dy't in pear moanne foar him soarge hat doe't er in lytse poppe wie. Habtamu de Hoop is presintator fan it Klokhuis en riedslid yn Súdwest-Fryslân. It is in echte Fries: praat Frysk, wennet op in pleats bûtenút en is simmerdeis op de keatsfjilden te finen.

Habtamu de Hoop as lytse poppe - Foto: privéfoto

Syn uterlik is net Frysk: hy hat in donkere hûdskleur. Habtamu is berne yn Etiopië. Doe't er in pear wike âld wie, is er as fûnling foar in kafee yn Addis Abeba lein. In pear plysjeminsken hawwe de lytse poppe nei in weeshûs brocht.

Opfongen

Dêr hat er in pear wike west en doe kaam er by in ryk Etiopysk pear dat weesbern opfong en fersoarge. Doe't er acht moanne âld wie, ha Emke en Tineke de Hoop út Wommels him ophelle. Sy hawwe him fia de organisaasje Wereldkinderen adoptearre. Habtamu wit neat fan syn eftergrûn. Syn namme hat er krigen yn it weeshûs. Syn twadde namme - Emke - komt fan syn Fryske heit. Sels syn bertedatum is net bekend.

Habtamu mei Idgi - Foto: Priveefoto

No, tweintich jier letter, hat Habtamu mei syn famylje werom west nei Etiopië. It wie in echte 'kultuershock'. Minsken dy't mear as fyftjin bern hawwe, in pear kij, in pear skiep en wenje yn lytse hutsjes. Yn de haadstêd Addis Adeba binne in hiel soad bidlers en lizze dakleazen midden op strjitte ûnder karton te sliepen.

It is krekt of bist twahûndert jier werom yn de tiid.

Habtamu de Hoop

Mei syn broer Solomon, dy't ek yn Etiopië berne is, en syn heit en mem ha se hiel ûnferwachte ek de frou moete dy't doetiids Habtamu en Solomon fersoarge hat. Dizze frou, Idgi, is no 80 jier. Se hat in skoftke yn Amearika wenne, mar is weromgien nei Etiopië. "Dizze moeting hat de measte yndruk op my makke."

De famylje de Hoop mei yn it midden Idgi - Foto: Priveefoto

Habtamu is bliid dat er no yn it lân west hat dêr't er berne is. Dat er mei eigen eagen sjoen hat hoe't it dêr is. "Dat kin ik no ôfslute", sa seit er. "Eins soe elk ris in kear nei in tredde wrâld lân gean moatte, dan beseffe jo hoe't wy it hjir troffen ha yn Nederlân."

Habtamu yn Ethiopië by wat apen - Foto: Priveefoto

Dat er net wit wa't syn biologyske âlden binne en wat syn echte bertedatum is, seit him net safolle. "It is sa't it is", seit er hiel nochter.

Habtamu de Hoop oer syn reis nei syn bertelân Etiopië

(advertinsje)