Man út Harns slacht plysje tsjin de grûn, plysje sjit by oanhâlding

Twa plysjeminsken binne ferwûne rekke by de arrestaasje fan in man út Harns. Dat meldt de plysje. By de arrestaasje is ek sketten. It gong om in warskôgingsskot.
© ANP
De arrestaasje wie yn de nacht fan sneon op snein, yn Leiden. Om middernacht hinne woe de plysje dêr in 29-jierrige man út Harns oanhâlde.
De plysje hie in melding krigen fan in frou dy't sei dat de man agressyf wie, en dat hy har wat oandwaan woe. De man hie earder al in strjitferbod krigen foar de bewuste strjitte.

Tsjin de grûn slein

Neffens de plysje waard ien fan de plysjes fuortdaliks tsjin de grûn slein doe't er de fertochte besocht oan te sprekken. Der ûntstie in wrakseling. Dêrby rekke de oare plysje ferwûne oan de hân.
De fertochte bleaun agressyf, seit de plysje. Dêrom is der pepperspray ynsetten. Doe't dat ek net holp, hat ien fan de plysjes in warskôgingsskot lost. De fertochte naaide út, mar oare plysjes koene him letter oanhâlde.
De beide plysjes dy't ferwûne rekken, ha oanjefte dien. Nei omstannichheden soe it 'redelijk' mei se gean.