PODCAST: Merijn giet plestik te liif mei in surfplanke fan ôffal
Noch altyd spielt der op de Waadeilannen guod oan dat ôfkomstich is fan de konteners dy't begjin dit jier fan in frachtskip ôf foelen. Hieltyd mear minsken wurde bewust fan de kwetsberheid fan de wrâld.
Ien fan dy minsken is Merijn Tinga fan Ljouwert. As 'Plastic Soup Surfer' giet hy de striid oan mei it ôffalplestik.
Tinga is is biolooch en keunstner. Hy is al jierren dwaande mei it opromjen fan plestik. As kitesurfer seach er hoefolle plestik troep der yn see driuwt. Hy makke in surfboard fan ôffalplestik, en as 'Plastic Soup Surfer' fiert er aksje om it plestik ôffal te ferminderjen.
Foar in nije rige mei podcasts is ferslachjouwer Karen Bies mei Tinga it strân op gongen. Hy stiet sintraal yn de earste ôflevering yn de searje 'wrâldferbetterders'. It is de bedoeling om minsken dy't de wrâld ferbetterje wolle op regelmatige basis oan it wurd te litten.
Merijn Tinga is opgroeid yn Grins. Hy wennet no yn Leiden. Neffens him binne produsinten ferantwurdlik foar it plestik ôffal, mar hy seit dat se dêr lang net genôch op oansprutsen wurde.
Produsinten wize neffens him altyd op de ferantwurdlikheid fan boargers en konsuminten. Tinga wiist produsinten derop dat se sels wat dwaan moatte.
Begjin dit jier foelen boppe Skylge hast 300 konteners fan in frachtskip ôf. De measten binne út mekoar slein. Natuerorganisaasjes neame it in ekologyske ramp. It opromjen kin noch moannen duorje.