Legionella oantroffen yn klaairomtes fan Ljouwerter sportkompleks

Der is legionella oantroffen yn it Ljouwerter sportkompleks Wiarda. Yn de klaairomten fan fuotbalklups FVC en Blau Wyt mei dêrtroch foarearst net dûst wurde.
© Google Streetview
Op de doarren fan de klaaikeamers hingje briefkes dêr't op stiet dat de noarmen oerskreaun wurde. Der soene mear as 1000 koloanjefoarmjende ienheden (KVW) wêze op in mingel wetter. Neffens it advysburo Hydroscope leit de noarm op 100 KVE yn in mingel drinkwetter. It bestjoer fan de klup FVC hat minsken ferbean om yn de besmette klaairomten de dûs te brûken.
De klaairomten fan de sporthal dy't oan it kompleks fêst sit, binne net besmet. Dy dûsen wurde no brûkt troch de fuotballers.
© Omrop Fryslân
Neffens it sûnensynstitút RIVM kin in legionellabesmetting "heel soms" foar slimme longûntstekking soargje. Minsken kinne dêr oan deagean. Der bestiet gjin faksin tsjin legionellabesmetting. In behanneling mei antybioatika is wol mooglik.
Minsken dy't mear kâns ha om in slimme longûntstekking te krijen, binne âlderen, minsken dy't minder sûn binne, minsken dy't in minder goed ymmúnsysteem ha, en smokers.
Longûntstekiking troch legionella komt hast noait foar by minsken dy't jonger binne as 40 jier, meldt it RIVM, en de measte minsken wurde net siik as se de legionellabaktearje ynazemje.
Twa jier lyn hie it sportkompleks Wiarda ek al te krijen mei de legionella-baktearje. Doe koenen minsken dêr wikenlang net dûse.