Syktocht nei drinkeling yn izich kâld wetter fan Wolvegea

03 feb 2019 - 11:26

Minsken fan de brânwacht ha yn Wolvegea socht nei in drinkeling. It wie net dúdlik oft der echt ien yn it wetter lei. Passanten hienen alarm slein neidat se in fyts oantroffen oan de kant fan in sleat.

Helpferlieners yn Wolvegea - Foto: ProNews

De sleat dêr't de fyts neist lei, wie bedutsen mei in laach iis. Flakby it plak dêr't de fyts lei, soe in wek yn it iis sjoen wêze. Brânwachtminsken binne it wetter yn gien. De kâns bestie dat der ien troch it iis sakke wie.

Al gau die bliken dat it slachtoffer it wetter alwer út wie. It gong om in jonge. Hy wie wol yn it wetter bedarre, mar koe der op eigen krêft út komme. Hy stie thús ûnder de dûs.

Hy makket it goed, seit in wurdfierder fan de brânwacht. Se advisearret minsken om fan it iis ôf te bliuwen. "It hâldt lang net."

Minsken dy't wol te wetter reitsje, soene der neffens de brânwacht ferstannich oan dwaan om, as it kin, in briefke achter te litten sadat der gjin alarm slein wurdt. En oars kinne se ek de meldkeamer belje, sadat der net foar neat socht hoecht te wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)