Warskôging foar glêde diken: "Struie op snein is minder effektyf"

03 feb 2019 - 09:55

It KNMI hat koade giel ôfjûn fawege kâns op glêdens. Rykswettersteat warskôget dêr ek foar, benammen op de op- en ôfritten by de sneldyk.

Op de Ljouwerterdyk by Ferwert binne twa auto's mei mekoar yn botsing kaam. De bestjoerders binne neisjoen troch minsken fan de ambulânse.

In ûngelok by Ferwert - Foto: SR Fotografie

It is net dúdlik oft de glêdens de oarsaak wie fan it ûngelok. De bestjoerders soene net ferwûne rekke wêze. In berger hat de auto's fuortsleept.

Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat helpt it struien op snein minder as op oare dagen. "Op zondag is er niet zo veel verkeer. En zout moet even worden ingereden, bij weinig verkeer is de werking minder."

Net allinne by Ferwert wie in ûngelok, ek op oare plakken yn it lân gliden auto's fan de dyk. "Mensen houden er toch iets te weinig rekening mee dat het glad kan zijn", seit de wurdfierder fan Rykswettersteat.

It liket derop dat de glêdens yn de rin fan de moarn ferdwynt. Koade giel bliuwt oant alve oere fan krêft.

Trefwurden: 
ûngelok Ferwert glêdens
(advertinsje)