Rekôroantal dielnimmers rydt 'mylde' winterfytsalvestêdetocht

03 feb 2019 - 08:50

Der dogge dit jier 1.200 minsken mei oan de winterfytsalvestêdetocht. Dat is in rekôr, seit de organisaasje. It soe komme troch de mylde waarsomstannichheden. Ferline jier dienen yn totaal 1.000 fytsers mei.

Foto: Winterfytsalvestêdetocht

Der binne in protte minsken dy't har pas op it lêste momint ynskreaun ha. Dat seit Eric Lansu fan de organisaasje. Neffens him komt dat troch it waar. Der wienen sels 1.400 oanmeldings. Mar 200 kamen net opdaagjen.

Waarman Piet Paulusma ferwachtet dat de sinne der flink by komt, en dat it fiif of seis graden wurdt.

"Het wordt een mooit fietsdag", seit Lansu. "Je kunt het bijna geen wintertocht meer noemen. Maar het blijft wel een tocht voor echte bikkels. Door de wind krijgen mensen het zomaar koud." By de edysje fan 2016 lyn hiene minsken it sels sa kâld, dat de tocht healweis stillein is.

Koade giel

Moarns betiid binne de fytsers fan start gien. Temperatueren leinen doe om it friespunt hinne. It KNMI hat in waarwarskôging ôfjûn. Wiete parten fan de dyk kinne opfrieze, en dêrtroch kin it glêd wurde, meldt it waarynstitút. Koade giel jildt oant 11 oere sneintemoarn.

Neffens Lansu wie it moarns betiid noch wol wat glêd, mar hy meldt ek dat der goed struid is op de rûte.

Der dogge net allinne minsken út Nederlân mei, mar der binne ek dielnimmers út België, Dútslân, en Noarwegen. En der is ien út Australië. Al is dy neffens Lansu net spesjaal foar de alvestêdetocht nei Fryslân kaam.

Finish

De finish is dit jier by de Bonkefeart. Oare jierren wie de finish yn de Alvestêdehal. Dêr wie no de start noch wol, mar middeis is de hal net beskikber. Dan is der in oar evenemint.

Lansu fynt it net slim. "Het was altijd lastig om de sfeer er goed in te krijgen, omdat de hal zo groot is. Bij de Bonkevaart gaat dat misschien gemakkelijker." De finish fan de 'echte' Alvestêdetocht, op redens, is op de Bonkefeart.

Snits

Njonken de alvestêdetocht fan goed 200 kilometer, dy't begûn yn de Alvestêdehal yn Ljouwert, wurdt der út Snits wei ek in koarte ferzje fan de winterfytstocht riden. Dy rûte giet by sân fan de alve stêden del, en is 90 kilometer lang.

De winterfytsalvestêdetocht wurdt organisearre troch Friesland Beweegt. Dy stichting wol minsken stimulearje om faker de fyts te pakken, net allinne yn de simmer, mar ek winterdeis.

(advertinsje)
(advertinsje)