VC Snits thús mei 3-1 foarby Alterno

02 feb 2019 - 23:26

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn yn de Sneker Sporthal ôfrekkene mei Alterno. De besikers út Apeldoorn koene net op tsjin de thúsploech, dy't mei 3-1 yn sets wûn.

Foto: VC Snits

De setstannen fan de Snitser froulju tsjin Alterno wiene 25-14, 25-14, 24-26 en 25-23. Benammen de lêste twa sets fan de wedstriid wiene noch spannend.

Tredde plak

Nei de oerwinning op Apeldoorn stiet VC Snits op it tredde plak yn de earedifyzje follybal mei 34 punten. Takom wike sneon folget it thúsduel tsjin Set-Up '65 út Ootmarsum, dy't krekt ûnder Snits op de ranglist stiet.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Alterno
(advertinsje)