LDODK behellet moaie oerwinning op DVO

02 feb 2019 - 22:32

LDODK hat sneontejûn yn eigen hûs knap wûn fan de kuorballers fan DVO. It waard 29-26 op De Gordyk. De wedstriid waard better iepene troch de tsjinstanner. LDODK joech lykwols inkelde minuten letter al fan replyk. Marjolijn Kroon skoarde it earste doelpunt foar de Fryske kuorballers.

Foto: Jurjen Smid LDODK

Dêrnei besocht de ploech fan trainer Henk Jan Mulder mei sukses noch inkelde kearen de bal yn de koer te krijen. Oant 3-3 gie it lykwols lykop, mar dêrnei skeat LDODK foarút. Nei in kertier stie it al 11-4 troch ûnder oare in goal fan Tim Flokstra. Dêrnei sakke it skotpersintaazje nei in leech nivo en kaam de ploech út Gelderlân mei 12-11 hast wer op likense hichte. By it skoft stie it 14-12.

Zwart topskoarder

Yn de twadde helte makke de tsjinstanner noch in pear moaie goals, mar nei de 15-14 de wisten de Bennekommers it gatsje nea lytser te meitsjen as twa. De Friezen bleaunen de sterkste. Topskoarder fan de jûn (en fan de Kuorbal League) wie ynternasjonal Erwin Zwart mei 11 goals. De oare ynternasjonal fan LDODK, Marjolijn Kroon kaam ta fiif treffers en stiet op dyselde topskoarderslist boppe oan by de froulju.

LDODK stiet no op it tredde plak yn de Korfbal League.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK DVO
(advertinsje)
(advertinsje)