Basketballers Aris thús te sterk foar Weert

02 feb 2019 - 21:57

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn thús wûn fan hikkesluter Weert. Yn it Kealledykje yn Ljouwert wiene de gasthearen mei 72-53 te sterk foar de Limboargers.

Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

Nei it earste kwart stie Aris op in lytse foarsprong fan 22-17. Nei in goede twadde perioade koe de ploech fan coach Tony Van Den Bosch útrinne nei 35-25.

Ek nei it skoft bleaunen de Ljouwerter basketballers skerp. Mei in tuskenstân fan 58-36 nei it tredde kwart en in goede slotfaze waard it úteinlik 72-53 foar de thúsploech.

Leiden

Takom wike sneon spilet Aris in útwedstriid yn en tsjin Leiden.

Trefwurden: 
Aris basketbal Weert
(advertinsje)