Sliepkeamerbrân yn Drachtster wenning ûnder kontrôle

02 feb 2019 - 21:34

De brânwacht fan Drachten moast sneontejûn útride foar in wenningbrân. De flammen sloegen út it sliepkeamerrút fan de wenning oan 't Stap yn Drachten. Brânwachtminsken slaggen der al rap yn it fjoer út te meitsjen, mar it hûs rekke lykwols flink skansearre.

Foto: De Vries Media

De bewenners binne net ferwûne rekke. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net dúdlik. De brânwacht hie ek in blusauto en in heechwurker oproppen.

(advertinsje)