Bizarre slotfaze smyt SC Hearrenfean punt op yn Arnhem

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Arnhem nei in bizarre slotfaze in punt pakt. Krekt foar de ein like Vitesse mei 3-1 te winnen, mar nei it lêste sinjaal fan de skiedsrjochter stie der in 2-2 lykspul op it skoareboerd fan it Gelredome. It doelpunt fan Martin Ødegaard waard weromdraaid troch de VAR, wêrnei't Sam Lammers it punt foar Hearrenfean rêde troch te skoaren út in penalty.
© Orange Pictures
Nei in lyts kertier kaam SC Hearrenfean op foarsprong troch in doelpunt fan Michel Vlap. Fan flinke ôfstân knalde hy de bal tsjin de touwen: 0-1. Tsien minuten letter kaam Vitesse lykwols op likense hichte. Mukhtar Ali kopte fan tichteby binnen. De 1-1 bleau oant it skoft op it skoareboerd stean, hoewol't Sam Lammers krekt dêrfoar noch hast foar in Feanster foarsprong soarge.

Vitesse op foarsprong

Sawat in kertier nei rêst kaam de thúsploech op foarsprong. Bryan Linssen passearre doelman Warner Hahn by de twadde peal: 2-1. Yn de slotfaze like Ødegaard dien wurk te meitsjen, doe't er de 3-1 notearre.
Yn blessueretiid waard it lykwols efkes stil yn it Gelredome. Nei yngripen fan de VAR waard Ødegaards goal foar Vitesse ôfkard en krige Hearrenfean nei in oertrêding op Van Amersfoort dochs noch in penalty. Dizze waard ynsketten troch Sam Lammers en dêrmei pakte de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink noch in punt nei de nuvere slotfaze yn Arnhem.
© Orange Pictures
Vitesse 2-2 SC Hearrenfean (1-1) 14. Vlap 0-1, 24. Ali 1-1, 58. Linssen 2-1, 90. Lammers 2-2.
Opstelling Hearrenfean: Hahn, Hornkamp (60. Floranus), Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Rienstra (82. Van Amersfoort), Vlap, Van Bergen, Lammers, Mihajlovic (66. Johnsen).