De Jong tsiende op 500 meter Hamar, alfde plak foar Smit

02 feb 2019 - 19:03

Reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden is sneon by de wrâldbekerwedstriid yn Hamar tsiende wurden op de 500 meter. De Jong wie dêrmei de bêste Nederlânske rydster yn in tiid fan 38.30. Janine Smit fan It Hearrenfean einige op it alfde plak mei 38.48. De winst gie nei Nao Kodaira út Japan.

Foto: Orange Pictures

De olympysk- en wrâldkampioene ferbettere it baanrekôr mei in tiid fan 37.25 sekonden. Europeesk sprintkampioene Vanessa Herzog joech 0.12 sekonde ta op har rivaal. Angelina Golikova út Ruslân einige as tredde yn 37.91.

1000 meter

Op de 1000 meter waard De Jong fjirtjinde mei 1.17.14. Op dizze ôfstân wie de Amerikaanske Brittany Bowe oppermachtich mei in baanrekôr: 1.14.79. Nao Kodaira einige op it twadde plak, foar de Nêderlânske Lotte van Beek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)