Sneonsfuotbal: lykspul ONS, Harkemase Boys en VV Bûtenpost ûnderút

02 feb 2019 - 20:05

Fan de heechste Fryske amateurfuotbalploegen is allinne ONS Snits der sneontejûn yn slagge in punt te pakken. De Snitsers spilen yn Groesbeek mei 2-2 lyk tsjin Achilles '29. Difyzjegenoat Harkemase Boys ferlear thús mei 2-0 fan Odin '59 út Heemskerk en VV Bûtenpost gie yn Assen mei romme sifers ûnderút tsjin ACV: 5-1.

Foto: Orange Pictures

Harkemase Boys kaam nei 26 minuten op efterstân troch in doelpunt fan Mitchel Bormann. De thúsploech slagge der mar net yn lyk te meitsjen, wêrnei't De Graaf ien minút foar de ein fan de reguliere spyltiid dien wurk makke: 0-2.

Fiif tsjindoelpunten

By Bûtenpost gie it net folle better. De ploech krige sneon leafst fiif doelpunten tsjin. It iennige doelpunt fan de Friezen kaam fan Rob Dijkstra, dy't mei in kopbal krekt foar it skoft de 3-1 notearre út in frije traap fan Robin Huisman de Jong.

Lykspul ONS

De Snitser fuotballers fan ONS pakten in punt tsjin Achilles '29. Yn Groesbeek makke Martijn Barto it earste doelpunt fan de wedstriid. Krekt nei it skoft kaam Achilles op likense hichte, mar yn de slotfaze skoarde Yumé Ramos foar ONS. Hoewol't de ploech hope op de oerwinning, makke Achilles krekt foar tiid noch lyk.

Takom wike sneon spilet Harkemase Boys in útwedstriid tsjin VVOG út Harderwijk. Difyzjegenoat ONS Snits nimt it dan op tsjin Eemdijk. Yn de haadklasse spilet VV Bûtenpost sneon thús tsjin AZSV Aalten.

(advertinsje)
(advertinsje)