Holwert oan See: "Foar 2025 kinne we der wol mei de boat trochhinne"

02 feb 2019 - 16:15

De realisaasje fan it projekt Holwert oan See komt in stik tichterby troch de bydrage fan fyftjin miljoen euro fan de Postcodeloterij. It projekt krijt tsien miljoen fan de provinsje, fiif miljoen fan de gemeente en fiif miljoen fan it ryk. Mei de fyftjin miljoen fan de Postcodeloterij is al mear as de helte fan it bedrach dat nedich is by mekoar.

De skeppe moat yn 2020 yn de seedyk, sa is it doel - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Marco Verbeek, wurdfierder fan Holwert oan See, is dit in behoarlike stimulâns foar it ryk en it Waadfûns om de rest fan it jild dat nedich is beskikber te stellen."It is in ikoanysk projekt en dan moatte je op syk nei in soad fûnsen om it unike finansierber te meitsjen. En dat is no mei dit nij bedrach mooglik", seit Verbeek.

Foar 2025 kinne we der wol mei de boat trochhinne.

Marco Verbeek

"Der komt noch in soad by sjen en dat is in ûnwisse faktor, mar foar 2025 kinne we der wol mei de boat trochhinne", seit Marco Verbeek. It nije jildbedrach is in wichtige stap yn de finansjele plannen fan it projekt. Sa komt it trochstekken fan de dyk tichterby. Holwert oan See wol dat as it heal kin yn 2020 dwaan, mar neamt noch gjin datum. De earste faze fan it projekt moat foar 2025 oplevere wurde en de groep leit goed op skema, seit Verbeek.

Utwurking

Der moatte no fergunningen oanfrege wurde, plannen definityf makke en juridyske saken moatte fierder útsocht wurde. Yn maart wurdt it jildbedrach fan de Postcodeloterij offisjeel oerdroegen. Om dat te fieren en om de Holwerters by te praten oer de stân fan saken is elkenien sneontejûn wolkom yn it projektburo oan de Fiskwei yn Holwert.

Holwert oan See oer miljoenen fan Postcode Loterij

Alle plannen foar Holwert oan See hawwe as effekt dat hieltyd mear 'romte-en-rêst-sikers' it doarp no ek al wite te finen, fertelt Theo Broersma fan de inisjatyfgroep. "Der binne no in pear húskes yn it doarp dy't ferhierd wurde oan fakânsjegongers, mar dy sitte 70 oant 80 persint fan de tiid fol. Der binne in soad minsken dy't it hjir no ek al moai fine."

"Gjin twadde Giethoorn"

De keunstprojekten fan Sense of Place, lykas it grutte stânbyld fan Jan Ketelaar op de seedyk, drage dêr ek oan by dat der no oars nei de Waadkust sjoen wurdt. "Holwert hoecht om ús gjin twadde Giethoorn te wurden mei busfollen Sinezen", seit Hessel Hiddema, "mar de toerist dy't komt foar de romte en de natuer is fan herte wolkom".

De dyktrochbraak komt in bytsje westlik fan it stânbyld fan Jan Ketelaar - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)