IIshockeyhal Thialf nei twa moannen wer iepen

02 feb 2019 - 15:48

Foar it earst sûnt 6 desimber is de iishockeyhal op It Hearrenfean wer feilich ferklearre. De dakkonstruksje is mei stielbalken en strips ferstevige en soe it wer tsien jier úthâlde kinne moatte. Dochs is dat net de bedoeling. Freed seagen ferskate partijen foarút nei de takomst: in nije iishockeyhal mei in ekstra iisbaan foar jeugdtrainingen, leafst sa gau as mooglik.

IIshockeyhal wer iepen: Henk Hoekstra en Jelle Zoetendal

Om yn de takomst it iishockey, mar ek oare iissporten lykas curling en keunstriden in poadium te bieden, sil der mear iis komme moatte. Ek by ferbou of nijbou is de iisflier fan no oerbeset. De grutte winsk is dan ek om neist de besteande iisbaan in ekstra trainingsbaan oan te lizzen. Sa is der mear romte foar talinten en jongerein om har sport te beoefenjen en te ûntwikkeljen.

IIshockeyhal Thialf wer iepen Veldman

Flyers-spiler Lars den Edel is bliid dat Thialf wer iepen is, mar sil sels foarearst net yn aksje komme. Yn it lêste duel tsjin Geleen bruts hy syn kaaibonke. Den Edel is yntusken operearre, mar moat nei alle gedachten noch fiif of seis wiken herstelle. Hy sjocht dernei út wer yn de eigen Thialfhal te spyljen. Ek hopet hy dat de gemeente Hearrenfean, de Flyers en Thialf gau mei in plan foar in nije akkommodaasje komme.

IIshockeyhal Thialf wer iepen Lars den Edel

(Advertinsje)
(Advertinsje)