Swarte rommel fûn yn termen fan deade seekoeten

02 feb 2019 - 15:18

By de Fûgelhelling yn Oerterp is swarte rommel fûn yn de terms fan deade seekoeten. Wat dat betsjut, moat noch ôfwachte wurde. Undersyk fan de Universiteit fan Wageningen nei de oarsaak rint noch. Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling hat ien fan de deade seekoeten iepen snijd om sa better yn te skatten hoe't se de sike seekoeten behannelje moat.

Swarte rommel yn terms fan seekoeten

Hetty Sinnema wie earst benaud dat se plestik tsjinkomme soe. As dat it gefal wie, hie it dreech wurden om de seekoeten fretten te jaan. Mar Sinnema hat gjin plestik fûn: "Wat ik seach wie in hiele dikke prop ûntlêsting, ynklonken, fiis mei bloed". De seekoeten binne dus ferstoppe.

Wat ik seach wie in hiele dikke prop ûntlêsting, ynklonken, fiis mei bloed.

Hetty Sinnema

Begjin jannewaris binne de earste sike seekoeten fia Skylge binnen brocht. Op Skylge wurde se earst stabilisearre. De lêste seekoeten binne dizze wike opfongen. De hiele groep hat neffens de opfang deselde ferskynsels. Op it stuit knappe sân seekoeten wer aardich op. Se swimme wer en poetse harren fearren. Dizze seekoeten hawwe in grutte kâns om der wer hielendal boppe-op te kommen.

De grutte fraach is hoe't de bisten siik wurden binne. "As it natuerlik is, kinne we it ôfslute. Mar ek as it gif of rommel is, wolle we dat graach witte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)