Tytsy Willemsma (FNP) wurdt wethâlder yn Tytsjerksteradiel

02 feb 2019 - 14:26

De FNP hat Tytsy Willemsma (47) keazen as nije wethâlder foar de gemeente Tytsjerksteradiel. Se folget Rommert Dijk op. Dy kundige desimber oan dat er ophâlde woe.

Tytsy Willemsma - Foto: FNP, Rogier Bos

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel moat noch offisjeel stimme oer de foardracht fan Willemsma. Gewoanwei smyt dat gjin problemen op.

Willemsma wurket yn Brussel as adviseur foar it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân. Dêrfoar wie se seis jier wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel. Se wennet yn Boarnwert.

Se fynt it earfol dat de partij foar har keazen hat. "Ik ha der in protte nocht oan om foar Tytsjerksteradiel oan de slach te gean."

"In bestjoerder mei in grut netwurk en in protte ûnderfining"

Fraksjefoarsitter Piet Reitsma fan de FNP yn Tytsjerksteradiel is optein. "Mei Tytsy krije wy in bestjoerder yn ús fermidden mei in grut netwurk en in protte ûnderfining", seit er.

Wethâlder Dijk is al opholden. Dêr hat er sels foar keazen. Hy hat krekt wat langer as in healjier wethâlder west. "Yn juny bin ik dizze nije útdaging oangien, mar spitigernôch moat ik konkludearje dat dizze jas my net goed past", seit er.

Oant de ynstallaasje fan Willemsma wurde de taken fan Dijk oernaam troch de oare wethâlders. Nei alle gedachten wurdt Willemsma op 28 febrewaris ynstallearre.

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(advertinsje)
(advertinsje)