Suzanne Schulting tredde op 1500 meter yn Dresden

02 feb 2019 - 14:18

Suzanne Schulting is sneontemiddei op de 1500 meter tredde wurden op de wrâldbeker shorttrack yn Dresden. Se ried yn in sterkbesette finale nei in brûnzen medalje, efter Kim Ji Yoo en Kim Boutin. Rianne de Vries helle ek de finale en waard lêste.

Suzanne Schulting op de baan yn Dresden - Foto: ANP

Schulting trof yn de finale ûnder oare de Súd-Koreaanske Choi Min Jeong. Sy stiet nei fjouwer wrâldbekers earste yn it klassemint. Schulting stie twadde, al sloech Schulting twa kear de 1500 meter oer. Choi waard no lykwols fiifde. De Súd-Koreaanske Kim Ji Yoo pakte de winst foar Kim Boutin út Kanada. De earste trije sieten ticht by inoar en yn de lêste ronde besocht Schulting it noch wol, mar kaam se krekt te koart. Rianne de Vries waard achtste en lêste.

Schulting ried dit seizoen twa kear earder in 1500 meter by in wrâldbeker. Se wûn yn Calgary en waard twadde yn Kazachstan. Op de 1000 meter is se klassemintslieder. Se die trije kear mei en wûn ek trije kear. Snein stiet se, lykas Rianne de Vries, yn de kwartfinale fan de 1000 meter. De 500 meter rieden Schulting en De Vries net.

Gjin sukses by de manlju

Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma waarden fiifde en sechsde yn de heale finale op de 1500 meter. De Laat mocht as rapste noch wol troch nei de B-finale en dêryn waard hy fjirde.

Oflossing

De Nederlânske froulju pleatsten harren ienfâldich foar de finale fan de ôflossing. Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof wûnen harren heale finale. Schulting pakte yn de lêste ronde Ruslân, dy't tegearre mei Nederlân trochgiet nei de finale fan snein.

De manlju hellen de A-finale net. Dylan Hoogerwerf gong yn de heale finale ûnderút troch in Frânsman. Nederlân ried op dat stuit net by de earste twa en dus gongen se net troch nei de A-finale. Nederlân ried mei Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf en Visser. De Nederlânske manlju ride snein de B-finale.

(advertinsje)
(advertinsje)