Meardere partijen stappe út oerlis dat soargje moast foar profesjonele opfang fan seehûnen

02 feb 2019 - 13:32

Trije organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei de opfang fan seehûnen, binne út it oerlis stapt dat soargje moatten hie foar profesjonalisearring yn de seehûne-sektor. It giet om it Reddingsteam Zeedieren, de seehûne-opfang Eemsdelta en it seehûnefûns fan Lenie 't Hart.

Foto: ANP

De trije organisaasjes kinne har net fine yn de gong fan saken. Se fine dat se, as lytse opfang-organisaasjes, net genôch heard wurde, en dat de grutte opfang-organisaasjes dikteare wat der gebeurt.

It seehûne-oerlis is ta stân kaam op inisjatyf fan minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer. It wie de bedoeling om de opfang profesjoneler te meitsjen.

"It oerlis is net soepel genôch"

It is net foar it earst dat der in partij út stapt. Ein foarich jier hat de Stichting DierenLot al de handoek yn de ring smiten. Dy fûn dat it oerlis net soepel genôch ferrint.

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân is de foarsitter fan it oerlis. Dat dizze partijen der no útstappe, ferrast har, seit se.

Neffens Schokker is it oerlis basearre op in advys fan in wittenskiplike kommisje, dy't konkludearre hat dat je seehûnen yn prinsipe net opfange moatte.

"Dy kommisje hat alle ynformaasje dy't der is by mekoar socht, en op basis derfan in advys skreaun", seit se. "Dêr kinne je dan net omhinne. Dat der dan guon út it oerlis stappe, en in eigen privékoers farre wolle, dat is hiel spitich."

De organisaasjes dy't opstapt binne, binne wolkom om wer oan te heakjen, seit Schokker. "As se it belang fan de seehûn foar eagen ha, kin it hast net oars as dat se aanst wer meidwaan wolle. Ik hoopje dat se der noch ris oer neitinke."

Foto: ANP
Trefwurden: 
seehûn Tineke Schokker
(Advertinsje)
(Advertinsje)