Flyers spylje ynhelwedstriid tsjin Herentals op 20 febrewaris

De ynhelwedstriid fan de UNIS Flyers tsjin HYC Herentals wurdt spile op woansdei 20 febrewaris. Dat melde de UNIS Flyers. De wedstriid is al twa kear ferskood.
De Flyers yn in eardere wedstriid tsjin Herentals © Henk Jan Dijks
Earst soe de wedstriid yn desimber spile wurde. Dat koe net trochgean, omdat de iishal fan de Flyers net fertroud wie.
De wedstriid soe ein jannewaris ynhelle wurde, yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Dat gong ek net troch: de diken wiene sjippeglêd, en foar de spilers fan Herentals, dy't út België komme moasten, wie it net fertroud om nei Fryslân te riden.
De wedstriid wurdt no wol wer holden yn de eigen iishal fan de Flyers. Dy is freed wer offisjeel weriepene.

Striid om de kopposysje

Beide ploegen stride om de kopposysje yn de BeNe-League. In pear dagen nei de ynhelwedstriid is de lêste reguliere wedstriid yn de kompetysje. Dan ûntfange de spilers fan Herentals de Flyers yn België.
De Flyers melde dat de kaartsjes foar de wedstriid fan 25 jannewaris gewoan jildich binne by de ynhelwedstriid op 20 febrewaris.