Gjin wylde staking by Arriva
De oankundige wylde staking ûnder Arriva personiel soarget woansdei net foar problemen. In groep masinisten hie oankundige tusken tsien oere moarns en fjouwer oere middeis net te riden.
Se soene dan wurkoerlis ha om't se it net iens binne mei de útkomst fan de CAO-ûnderhannelings. Mar de treinen rjochting Harns, Starum en Grins rieden gewoan neffens tsjinstregeling. Masinisten fan dy treinen jouwe ek oan dat sy gewoan oan it wurk binne en bliuwe.