Alle kaarten fan Into The Great Wide Open op Flylân binnen in kertier fuort

It muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân is folslein útferkocht. Alle 6.500 kaartsjes wienen yn in kertier fuort.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De foarferkeap begûn sneontemoarn om tsien oere. Fan 't maatiid wurdt de ynskriuwing foar de wachtlist iepene. Into the Great Wide Open wurdt hâlden fan 29 augustus oant 1 septimber.