In healoere winne op de reis nei de Rânestêd "moat echt kinne", ek fanút Ljouwert

02 feb 2019 - 09:40

It provinsjebestjoer hopet meikoarten in datum te prikken foar in proef mei in ekstra flugge trein fanút Ljouwert. Dat seit deputearre Johannes Kramer. In proefrit mei in flugge sneltrein tusken Grins en Den Haach is yn de nacht fan freed op sneon sûnder problemen ferrûn. De trein helle in snelheid fan mear as 160 kilometer yn de oere.

In healoere winne op de reis nei de Rânestêd "moat echt kinne", ek fanút Ljouwert

Grins is keazen as startlokaasje foar de proef, omdat it in gruttere stêd is as Ljouwert. Der binne ek mear reizgers, seit Pier Eringa. Hy is de direkteur fan ProRail.

Oerwegen en wiksels oanpasse

De flugge trein nei de Rânestêd soe ek fanút Ljouwert ride moatte. "Dat kin", seit Eringa, "mar oft it no Ljouwert is of Grins, yn beide gefallen moatte we oanpassingen dwaan oan oerwegen en wiksels. Dan kinne de treinen krekt flugger ride, en wurdt de reistiid in stik koarter."

Neffens ProRail is it belangryk dat it provinsjebestjoer achter de plannen stiet. Der moatte genôch reizgers wêze. "We moatte sjen dat we mear Friezen de trein yn krije", seit Eringa.

It provinsjebestjoer sjocht dat wol sitten seit deputearre Johannes Kramer. Neffens him moat de tiidswinst op termyn oprinne nei in healoere. En de flugge trein moat ek fanút Ljouwert nei de Rânestêd ride, seit er.

Johannes Kramer - Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

Fryske proef mei flugge trein

"Ik bin mei de NS ta in akkoart kaam om ek fanút Ljouwert te riden. We hoopje meikoarten in datum te prikken foar in proef fanút Fryslân. Dat wolle we giel graach."

Kramer wol dat der it kommend jier in healoere fan de reistiid ôf giet. "Twa en in heal oere yn de trein sitte, dat is gewoan te lang. It is eins te gek foar wurden dat dat yn 2020 net flugger kin."

Mei de test fan freed woe de NS besjen hokker oanpassingen oft der nedich binne om ûnder oare de technyk, de ynfrastruktuer en de tsjinstregeling klear te krijen foar fluggere treinen. Der moast bygelyks fan feilichheidssysteem wiksele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)