Kollum: "Rekeningrijden"

02 feb 2019 - 08:42

"Betalen per gereden kilometer doen we al sinds de invoering van de brandstofaccijns. Zij die veel kilometers maken en zij die een minder zuinige auto rijden verbruiken en betalen het meest. In sitaat út in ynstjoerd stikje yn de Volkskrant. En sa is it fansels ek.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Mar yn de honger nei noch mear belestingjild is de automobilist foar de safolste kear de sigaar. It saneamde rekkeningriden komt der oan. En neffens dyselde krante is 'in romme mearderheid fan de Nederlanners' dêr foarstanner fan. De kâns is grut dat se dat jo net frege ha, my yn elts gefal ek net.

De kâns is ek grut dat jo hjir yn Fryslân eins nea yn de file stean. Dochs meie jo aanst meibetelje oan dy ferkapte ekstra belesting. Sterker, omdat wy hjir yn it filefrije noarden fan it lân foar in grut part ôfhinklik binne fan ús auto, sille jo nei alle gedachten mear betelje dan de ynwenners fan de Rânestêd, dy't folle minder kilometers ride, mar wol hast al dy kilometers yn de rij steane.

Dus wylst it libben hjir minder djoer is en de ynkommens navenant leger, meie we wol foar de safolste kear de folle mep betelje omdat it no ienkear in kar is om op it plattelân wenjen te gean. Dat fielt net earlik en dat is it ek net.

Dat der minder ferkear komme moat is elts it wol oer iens. Mar, dat de echte fersmoargers net oanpakt wurde omdat dy ekonomysk in te grutte spiler binne, dêr soe de oandacht ris nei útgean moatte. As je sjogge wat bedriuwen as Tata Steel mei in oerflakte fan 750 bunder ús skjinne loft yn koarje, as je sjogge nei wat Schiphol en alles dat mei fleanen ús oan CO2 opsmyt. Dêr binne al de wakker griene partijen o sa hoeden oer.

As je in stôk sykje om in hûn te slaan binne der folle makliker oplossings dêr't je de TV en kranten mei helje. Je kinne better de boeren en de automobilisten de skuld jaan. Dy ha it yn de regel te drok mei it draaiende hâlden fan it midden en lytsbedriuw, de motor fan de Nederlânske ekonomy.

Dy betelje braaf harren safolste opleine belesting omdat se de tiid en de middels net ha om der rottekrûddjoere abbekaten op te setten dy't jierrenlang wrotte om de belestings nei ûnder by te stjoeren of se kwyt te skelden. De swijende mearderheid in belestingpoat útdraaie is it middel om de steatskas net drûchfalle te litten.

De iennichste kear dat hjir by ús foar hûs in file stiet, is as iisstadion Thialf leechrint. As de minsken in moaie dei hân ha. Hoe iroanysk. De Romeinske dichter Juvenalis hie it goed foar it ferstân. 'Geef het volk brood en spelen' en jo hearre se net kleien, sels net as de safolste oanslach op harren ynkommen plakfynt.

Ha wol troch dat jim aanst net allinnich it tagongskaartsje foar it reedriden yn Thialf betelje, mar ek noch ekstra de sjaak binne as jimme hinne en wer nei hûs ride. Yn de belslide fan it grutkapitaal is gjin plak foar it gewoane folk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)