Holwert oan See krijt 15 miljoen euro fan Postcode Loterij

02 feb 2019 - 10:08

De Nederlânske Fûgelbeskerming krijt 15 miljoen euro fan de Postcode Loterij foar it projekt Holwert oan See. Dat bedrach soe de realisaasje fan it projekt in goed ein tichterby bringe.

Foto: Omrop Fryslân

Foar it projekt Holwert oan See soe de seedyk by Holwert takom jier trochbrutsen wurde. Sa komt it doarp wer oan see te lizzen. De earste faze bestiet út it oanlizzen fan in wetterferbining tusken de Waadsee en it doarp, it trochbrekken fan de seedyk en de oanlis fan in sâlte mar binnendyks, dy't foar in unyk stikje natuer soargje moat.

Neffens de Postcode Loterij is it belangryk dat it projekt droegen wurdt troch de lokale mienskip. It noardeasten fan de provinsje stiet bekend as krimpregio. Holwert oan See soe de ekonomy in ympuls jaan moatte.

De Fûgelbeskerming seit dat it foar it earst is dat de Waadsee sa mei it achterlân ferbûn wurdt. Direkteur Fred Wouters fan de organisaasje neamt it grinsferlizzend foar de minsken en foar de natuer.

"Een baanbrekende stap"

"Dit is een baanbrekende stap," seit Wouters, "niet meer vechten tegen het water, maar leven met het water. Het is iconisch: het herstelt natuur, er komt een getijdenmeer en we helpen krimp om te buigen in groei."

Mei It Fryske Gea en de Waadferiening pleitet de Fûgelbeskerming al jierren foar in natuerlike oergong tusken de Waadsee en it achterlân. "Vele mensen én duizenden vogels profiteren hiervan," seit Wouters. "Tot slot werken we met boeren samen om oplossingen voor verzilting dichterbij te brengen. Holwerd aan Zee is een grote stap voorwaarts voor mens en natuur."

Troch de dyk troch te brekken ûntstiet der in nij natuergebiet. Neffens de Fûgelbeskerming wurdt it in stadige oergong tusken de Waadsee en de Fryske marren. Fisken kinne dan hinne en wer swimme.

In klút - Foto: Fûgelbeskerming, Jelle de Jong

Waadfûgels krije yn it gebiet in nij plak om fretten te finen en aaien út te brieden. Neffens de Fûgelbeskerming is dat belangryk, omdat fan guon soarten, sa as fan kluten en grutte stirnzen, it oantal al desennialang achterút rint.

Yn maart wurdt it jild offisjeel oerdroegen, op in gala fan de lotterij. De Fûgelbeskerming ferwachtet dat it Ryk dêrnei romhertich bydrage sil oan Holwert oan See. De oanlis soe kommend jier begjinne moatte, en fan 2022 ôf is it projekt dan foar it publyk tagonklik.

(advertinsje)
(advertinsje)