Lykspul foar sealfuotballers fan de Drachtster Boys, Avanti ferliest dik

01 feb 2019 - 22:21

De sealfuotballers fan Drachtster Boys hawwe har thúswedstriid tsjin Reiger Boys út Heerhugowaard mei 2-2 lykspile.

Sieta de Vries (argyffoto) - Foto: Tibbesma Fotografie

Nei fiif minuten wie de earste oplibbing fan de besikers út Heerhugowaard fuort in goal. Nei balferlies koe Floor Spaan de 1-0 meitsje. Acht minuten letter kamen de Drachtsters op likense hichte troch in goal fan Aruni Slagter, dy't de bal ûnder de keeper fan de Reiger Boys pleatste. Dit wie ek de rêststân.

Aafke de Hoek fan Drachtster Boys easke de haadrol op yn de twadde helte. Nei hast in healoere einige in frije traap fan Reiger Boys fia De Hoek yn it eigen goal fan de Drachtsters. Ien minút letter makke se it goed troch de bal yn it goeie goal te sjitten: 2-2. Reiger Boys kaam noch tichtby de winst, mar de lêste kâns fan de wedstriid kaam op de latte fan it Drachtster goal telâne.

Avanti

De sealfuotballers fan Avanti hiene freed in minne jûn. Sy moasten mei in 4-1 ferliespartij fanút Apeldoorn de bus wer yn, nei hûs ta. Avanti kaam earst noch op foarsprong troch in goal fan Jennifer Boersma. Mar dêrnei wie it allinnich mar Futsal Apeldoorn VR dy't skoarde. De goals oan de kant de thúsploech kamen fan Angela van Rooij, Sabine Gerrits en Iris Thus.

(advertinsje)