Froulju Hearrenfean ferlieze, en pleatse harren net foar de kampioenspoule

01 feb 2019 - 21:38

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe de wedstriid yn en tsjin ADO Den Haag ferlern mei 4-1. Troch it ferlies, hawwe de Feansters harren net pleatst foar de kampioenspoule.

Foto: Wiegmink Media

Kânsleaze earste helte

Yn de earste helte hie it team fan coach Roeland ter Berge net soad yn te bringen. Yn de njoggende minút kaam Den Haach op foarsprong troch in goal fan Pia Rijsdijk. Op it momint dat Hearrenfean oansette, wie it dochs wer Den Haach dy't troch in rake penalty fan Victoria Pelova op 2-0. Krekt foar it skoft makke Romy Speelman ek noch de 3-0.

Yn de twadde helte like it der eefkes op of kaam Hearrenfean werom yn de wedstriid, nei in goal fan Fenna Kalma. Mar Chasity Grant makke úteinlik de 4-1, en sette dêrmei de einstân op it skoareboerd.

(advertinsje)
(advertinsje)