Schulting en Breeuwsma goed op wei by wrâldbeker shorttrack

01 feb 2019 - 21:14

Op de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Dresden binne Suzanne Schulting en Rianne de Vries troch nei de kwartfinales op de 1000 meter. Schulting wie yn de fjirde heat de snelste, krekt foar de Koreaanske Shim Suk-hee. Tineke den Dulk fan It Hearrenfean waard op de 1000 meter útskeakele yn de foarronde.

Foto: Orangepictures

Schulting mei har ek melde foar de heale finales fan de 1500 meter. Tegearre mei Rianne de Vries hat se har hjir freed foar kwalifisearre.

De manlju

Daan Breeuwsma fan Akkrum en Dennis Visser fan Snits mochten by de manlju op de 1000 meter troch nei de kwartfinales. Itzhak de Laat fan Ljouwert waard tredde yn syn heat, en is dêrmei útskeakele op de 1000 meter.

De Laat mei wol op de 1500 meter troch. Hy rydt dêr tegearre mei Daan Breeuwsma yn de heale finale.

Relays

By de relays wie der sukses foar it frouljusteam. Rianne de Vries, Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven kamen yn de kwartfinales as earste oer de streek yn har heat. Se pleatse har hjirmei foar de heale finales.

Ek de manlju pleatsten harren foar de heale finale op de relay. Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Dylan Hoogerwerf einigen krekt lykas de froulju as earste yn harren heat.

Daan Breeuwsma en Dennis Visser hiene lykwols minder lok by de relays foar mingde teams. Yn har mixed-team mei Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven krigen se in penalty oan de broek, en waarden se yn de heats útskeakele.

(advertinsje)