Filmmaraton oer Alvestêdetocht yn Tresoar

01 feb 2019 - 21:09

Mear as fiif oeren byldmateriaal fan tachtich jier Alvestêdetocht sil op freed 8 febrewaris fertoand wurde yn Tresoar. Dat meldt it Frysk filmargyf. Op dy freed wurdt der ek in rekôr brutsen; de langste perioade sûnder Alvestêdetocht sûnt de earste tocht hâlden waard yn 1909.

Foto: Omrop Fryslân

It Frysk filmargyf hat in seleksje makke út ferskate Alvestêdefilms. It âldste materiaal komt út 1917 en is opnaam yn Harns, Frjentsjer, Hylpen en Snits. Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren sil kommentaar jaan by de bylden.

De filmmaraton wurdt om 10 oere moarns en om 16:00 oere middeis útstjoerd. Minsken ha fergees tagong én der is snert en poeiermolke.

(advertinsje)