Kommende moannen dúdlikheid oer takomst Caparis

De acht Fryske gemeenten dy't eigener binne fan Caparis moatte begjin maart oanjaan oft se eigener fan de wurkfoarsjenningstsjinst bliuwe wolle as net. Ek moat der dan in kar makke wurde foar in bestjoersfoarm.
Caparis © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op koarte termyn sille der petearen plakhawwe tusken de ferskate gemeenten en Caparis, oer de ynfolling fan de tsjinstferliening. Op itselde momint wurket Caparis oan in plan fan meardere jierren.
Ein april moat der dan in beslút naam wurde oer hokker bestjoersfoarm en mei hokker eigeners Caparis definityf fierder giet. Ein juny moat der in beslút lizze oer de bedriuwsstruktuer en it totaalplan fan Caparis foar 2020 oant 2024.
Nei de simmer kinne de ferskate gemeenterieden dan har miening jaan oer al dizze besluten.
Omrop Fryslân hat yn de ôfrûne moannen in dokumintêre makke oer Caparis. De wurknimmers fan de wurkfoarsjenningsynstânsje belibje al in pear jier in ûnwisse tiid. Bliuwe de gemeenten mei it bedriuw gearwurkjen of sille se it wurk tenei op in oare wize ynfolje? Fryslân DOK folget it bedriuw en syn meiwurkers yn dizze ûnwisse tiid.
De dokumintêre is takom yn it wykein 9 en 10 febrewaris, sneins fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje te sjen. Fryslân DOK is ek te sjen sneons om 15.30 oere en sneins om 13.00 oere op NPO 2.