Wedstriid fan de Wike: "Donkerbroek is ek gjin wûnderploech"

01 feb 2019 - 18:30

De 'Wedstriid fan de Wike' is dizze wike it duel tusken de fuotbalploegen fan Donkerbroek en Sport Vereent. Wêr't Donkerbroek mei tritich punten boppe-oan stiet, is Sport Vereent de hikkesluter mei mar ien puntsje. Dochs sjocht trainer Jan de Wolff fan Sport Vereent kânsen: "Wy moatte sjen dat we it earste heal oere oerlibje."

"Wy moatte de romtes lyts hâlde"

It is kâld by de training fan Sport Vereent. It fjild op sportpark Lunia leit der op ferskate plakken spikerhurd by. Mar njoggen spilers ha de muoite naam om in oerke del te kommen. By elke skreau komme der neist wurden ek lytse kondinswolkjes mei nei bûten. It binne net de bêste omstannichheden foar in training yn de oanrin nei in útwedstriid by de koprinner.

Trainer Jan de Wolff sjocht ta, en sa no en dan komt er mei oanwizingen foar syn ploech. Nettsjinsteande it feit dat Donkerbroek 29 punten mear hat as syn eigen ploech, is hy net bepaald ûnder de yndruk fan de tsjinstanner: "Donkerbroek is ek gjin wûnderploech. Oars hiene sy ek net yn de fiifde klasse spile. En ferline jier binne se degradearre."

Neffens De Wolff hat syn ploech in kâns, mar dan moat der wol goed ferdigene wurde. "As wy de romten lyts hâlde kinne, dan is it foar Donkerbroek hiel lestich om der trochhinne te kommen. En dan moatte wy it sjen litte op de counter."

Foto: Omrop Fryslân

"We missen een keeper en een spits"

Tom Hofstee is ien fan de njoggen spilers dy't wol op de training ôfkaam is. Hy rint op it fjild yn in shirt fan superspits Edin Dzeko, snein tsjin Donkerbroek stiet hy foarstopper. "Er staat op zich wel een goede ploeg, de sfeer is ook nog steeds goed. Maar we missen echt een spits, iemand die de ballen afmaakt, en een goede keeper. De jongen die op goal staat doet wel zijn best, maar heeft eigenlijk niet het niveau."

We ha ek wol in soad pech hân.

Supersub Douwe Post

"We binne dit jier begûn mei in oerwinning yn de beker tsjin Udiros. Dêrnei pakten we yn de earste kompetysjewedstriid in punt, mar fierder ha we ek wol in soad pech hân. Dat de bal krekt net goed falt foar ús bygelyks," seit banksitter en supersub Douwe Post fan Sport Vereent. Ek ûntbrekt it de ploech neffens him somtiden oan de konsintraasje. "Dan stean we 0-1 of 0-2 efter, mar stiet it tsien minuten letter ynienen 0-6 of sa."

Fjouwer tsjin fjouwer

Sport Vereent traint dizze kâlde winterjûn mei fjouwer tsjin fjouwer. Ien spiler is frije man, en wurdt ûnderdiel fan de ploech yn balbesit. Sa is der altyd sprake fan druk op it fjouwertal yn de ferdigening. Sa wol trainer De Wolff syn ploech op skerp sette: "Dit wurdt ek it ferhaal fan snein. Donkerbroek sil komme. Dan is it wichtich dat wy efteryn goed stean. Sa moatte wy it earste heal oere oerlibje en dan mar sjen oft we derút komme kinne."

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)