Alle objekten út de konteners yn it farwetter fan de Noardsee yn kaart brocht

Sonar-ûndersyk nei de lokaasje fan de konteners yn De Eemsgeul en yn it farwetter boppe Skylge is sa goed as klear. Dat meldt Rykswettersteat.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Hûnderten konteners lizze al sûnt it begjin fan it jier op de boaiem fan de Noardsee. Se binne fan in grut frachtskip ôf fallen. Neffens Rykswettersteat binne de measte konteners oantroffen yn it farwetter boppe Skylge. En de measten binne út-inoar fallen.