Douwe de Vries achtste op de fiif kilometer yn Hamar

Reedrider Douwe de Vries is freedtemiddei op de fiif kilometer yn Hamar op it achtste plak einige. De Nederlânsk kampioen allround kaam by de wrâldbekerwedstriid yn in tiid fan 6.22,08 oer de streek.
© OrangePictures
De Noar Sverre Lunde Pedersen wûn de fiif kilometer yn in tiid fan 6.16,16. Grutte konkurrint fan Pedersen, Sven Kramer, wie net oanwêzich by de wrâldbekerwedstriid yn Noarwegen. De Rus Aleksandr Roemjantsev waard twadde yn in tiid fan 6.19,14.
Bêste Nederlanner wie Marcel Bosker mei in tiid fan 6.20,65.