Frans Kloosterman foardroegen as nije foarsitter BFVW

01 feb 2019 - 17:43

It bestjoer fan fûgelwachtersbûn BFVW skoot âld wethâlder Frans Kloosterman fan Boijl nei foaren as nije foarsitter. Kloosterman wie oant foarich jier wethâlder yn de gemeente Weststellingwerf. Kloosterman soe Rendert Algra opfolgje moatte. Dy wie de ôfrûne seis jier foarsitter fan it BFVW en hâldt dêr yn maart mei op.

Frans Kloosterman - Foto: Omrop Fryslân

Skiedend foarsitter Rendert Algra is wiis mei de kar foar Kloosterman. "Ik tink dat Frans hiel goed past by de kultuer fan de BFVW. Dy kultuer wurdt foarm jûn troch 3500 frijwilligers dy't, ferbûn troch de leafde foar de natuer, te beskôgjen binne as types 'rûge bast, geve pit'."

Der wiene meardere goeie kandidaten foar de foarsittersfunksje. De kar foel op Kloosterman omdat hy in 'minskenminsk' is en in ferbiner, neffens de sollisitaasjekommisje.

Bewust frijwilliger

Kloosterman is plysjeman, en wurket oan de oanpak fan saneamde 'ondermijnende kriminaliteit' yn Noard Nederlân. Hy kiest der bewust foar om him njonken syn betelle baan ek yn te setten as frijwilliger. "Ik begryp dat it foarsitterskip fan 'e BFVW in stevige frijwilligersfunksje is, mei in behoarlik berop op myn tiid en fleksibiliteit. Mar dat ha ik der graach foar oer. Ik ha der in hiel soad sin oan!" sa seit Frans Kloosterman.

(advertinsje)